Ek Oerol-gongers folgje WK

22 jun 2006 - 14:59

De WK-fuotbalwedstriid Argentinië - Nederlân is woansdeitejûn einige yn 0-0. Yn in protte kroegen wie de wedstriid te folgjen. Ek op Skylge sieten de kroegen hast allegear fol.

Yn diskoteek Actania yn Midslân stie de televyzje ek oan, mar der mocht net jûge wurde by in doelpunt. Ien doar fierder waard nammentlik in Oerol-foarstelling opfierd. Mar dat jûchjen wie ek net nedich, om't der dochs gjin doelpunten foelen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)