Ek oare provinsjes binne ynteressearre yn hânboek VNN

27 nov 2015 - 10:40

Verslavingszorg Noord-Nederland bringt in hânboek út oer hoe't je in advyspetear hâlde moatte mei jongerein mei risikofol alkoholgebrûk. De meiwurkers fan de VNN wurkje al jierren mei dizze hânlieding, mar no is it útwurke foar alle meiwurkers dy't faak mei jongeren en risikofol alkoholgebrûk te krijen ha.

De VNN wol mei it hânboek ynsette op kwaliteit fan advyspetearen oer alkohol. Meiwurkers krije faak mar koart de tiid om in goed resultaat te beheljen mei harren behanneling. It boek kin as hânlieding brûkt wurde by dizze petearen.

Op dizze wize wol VNN ynsette op de kwaliteit fan de petearen. Fanút oare provinsjes is ek al ynteresse toand foar it boek en de kursus dy't derby heart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)