Ek nijjiersdûk yn De Rottefalle

09 des 2006 - 12:19

Fryslân hat der wer in nijjiersdûk by. De aktiviteitekommisje yn De Rottefalle organisearret tenei sa'n dûk yn it wetter fan it marke De Leijen by it doarp.

Op 1 jannewaris dûke minsken op ferskate plakken yn de provinsje yn it wetter om de jierwiksel te fieren. Dat bart al yn ûnder oare Hylpen, Burum, Bitgum en op in tal waadeilannen. Dêr komme hieltyd mear minsken op ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)