Ek NH-tsjerke Aldeberkeap iepen

27 aug 2003 - 00:00

De Herfoarme gemeente yn Aldeberkeap komt no ek mei in gelegenheid om stil te stean by de ûntfiering fan Lusannne van der Gun út it doarp.

De doarren fan de Herfoarme tsjerke steane freedtejûn tusken healwei achten en acht oere iepen foar elkeien dy't utering jaan wol oan syn of har gefoelens. Neffens foarsitter Boerop fan de tsjerkeried hat de mienskip dêr ferlet fan. Der komme mooglik hûnderten minsken op ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)