EK min foar bioskopen

26 jun 2004 - 16:04

De Ljouwerter bioskopen hawwe lêst fan it Europeesk Kampioenskip Fuotbal. Der komme folle minder besikers as oars, want as Nederlân spilet, bliuwe de measte minsken thús. De bioskopen hawwe dan ek inkelde hûnderten besikers minder as gewoanwei.

Ek it Ljouwerter Filmhûs fernimt dat der in grut fuobaltoernoai oan 'e gong is. Ofrûne woansdei doe't Nederlân spile, siet by elke film fjouwer minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)