Ek lokaal ein oan listferbining

04 maaie 2006 - 10:25

De ChristenUnie yn Dantumadiel seit de listferbining mei de SGP op. Neffens fraksjefoarsitter Dijksterhuis fan de CU yn Dantumadiel hat de listferbining mei de SGP bij de lêste riedsferkiezings in sit koste. Ek binne der ynhâldlik tefolle ferskillen fan miening. Dantumadiel is de lêste gemeente yn Fryslân wêr't de partijen noch gearwurken.

Earder waard ek al bekind dat de provinsjale gearwurking ophâldt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)