Ek lêste gemeente yn Fryslân

12 mrt 2003 - 00:00

Eaststellingwerf wie as lêste gemeente klear mei it tellen fan de stimmen. De gemeente telt de stimbriefkes noch mei de hân. Hieltyd mear gemeenten meitsje gebrûk fan de stimkompjûter. Yn Amsterdam wurdt ek mei de hân teld, mar dy gemeente wie frij gau klear.

Yn Eaststellingwerf wie in opkomst fan 56,6 prosint. De PvdA wie mei 35,2 prosint de grutste partij. Yn ferliking mei fjouwer jier lyn wie de partij ek de grutste groeier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)