Ek kowe-tbc fûn yn Drinte

03 sep 2010 - 16:00

Ek by in melkfeebedriuw yn Drinte binne kij mei tbc fûn. Se binne besmet rekke troch it melkfeebedriuw yn Eksmoarre. Ien ko hie iepen tbc en hat trije oare kij besmet op it bedriuw yn Drinte. De kij binne ôfmakke. Ien en oar docht bliken út ûndersyk fan de VWA op 48 bedriuwen dy't kij ferhannele ha mei it Fryske bedriuw.

By sân fan dy bedriuwen is ek socht nei de oarsaak fan de besmetting omdat dy bedriuwen ek kij ferkocht hawwe oan it Fryske bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)