'Ek jild Frysk groep 1 en 2'

20 okt 2005 - 10:39

De provinsje wol dat der yn 'e takomst ek jild komt foar it Frysk ûnderwiis yn de groepen 1 en 2 fan de basisskoalle. It Ryk stelt op dit stuit inkeld jild beskikber foar de groepen 3 oant en mei 8. Op in kongres yn Oranjewâld oer in nije Fryske ûnderwysmetoade sei deputearre Mulder ta dat er besykje sil yn Den Haag ekstra jild los te krijen.

Oft der ek echt jild komt, hinget ôf fan de Earste en de Twadde Keamer en fan it lobbywurk fan deputearre Mulder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)