Ek ISU bemuoit him mei Knegt

21 jan 2014 - 08:26
  • Sjinkie Knegt

De ynternasjonale reedryduny, de ISU, beriedt him op eventuele sanksjes tsjin shorttracker Sjinkie Knegt. Knegt krige snein in reade kaart op it EK shorttrack yn it Dútske Dresden om't er twa middelfingers opstuts doe't er oer de einstreek kaam. It koste him syn yndividuele brûnzen medalje.

Sa'n reade kaart wurdt net faak útdield. Dêrom twivelet de ISU oer hoe't se dit ynsidint oanpakke moat. Yn it uterste gefal soe de uny Knegt's startbewizen foar de Olympyske Spelen ynlûke kinne. Yn de rin fan de wike komt de ISU mei de beslissing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)