Ek hjir molkfabriken plat

30 maaie 2008 - 22:58

Molkfeehâlders yn Fryslân binne ree om ek hjir festigings fan Friesland_Foods te blokkearen. Dat die freedtejûn bliken by in ynformaasjejûn fan de Dutch_Dairymen_Board yn Gytsjerk. In ploech fan 150 boeren krige dêr útlis oer de stân fan saken.

No't it molkfabryk yn Nijkerk plat leit, mar ek in fabryk yn Lelystêd blokkearre is troch lulke boeren sitte supermerken moandei sûnder farske molke. Ljouwert en Dronryp binne oanwiisd as lokaasjes om plat te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)