Ek Gert-Anne van der Bos nei heale einstriid PC

29 jul 2015 - 15:41
  • De twa winnende partoeren fan de frije formaasjepartij yn Sint Jabik

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hawwe harren pleatst foar de heale finale op de PC. Tsjin it partoer fan Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Jouke Bosje waard it 5-2 en 6-2.

Van der Bos-en-dy nimme it yn de heale finale op tsjin de winner fan de wedstriid tusken de partoeren fan Menno van Zwieten en Bauke Triemstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)