Ek Fryske fertochte Tsjûkemarmoard waard besketten

27 nov 2015 - 11:49

De 30-jierrige Tsjûkemarmoard-fertochte út Easterwâlde hat freedtemoarn foar de rjochter ferklearre dat hy begjin novimber besketten is. Hy rekke dêrby ferwûne oan it skouder. De man waard besketten doe't hy tusken Easterwâlde en Appelskea fytste. Dat hy net slimmer ferwûne rekke, kaam troch syn kûgelfrije fest.

Tsjin de man is freed twa jier selstraf easke. De man is fertochte yn de saak fan de moard op Omar Kourrich. Dy waard yn 2013 om it libben brocht, wernei it stoflik omskot by de Tsjûkemar yn brân stutsen waard.

De Stellingwerver soe dêrby holpen hawwe. In twadde fertochte yn de saak, in 19-jierrige Amsterdammer, is begjin novimber ek besketten. Tsjin dizze man hat it Iepenbier Ministearje earder acht jier sel easke.

Om 12 oere mear oer de saak op Omrop Fryslân Radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)