Ek Fryske amtners stake

18 jun 2014 - 14:34

Sa'n 2.500 gemeente-amtners binne woansdei yn Hendrik-Ido-Ambacht oan it demonstrearjen foar in bettere CAO. Ut Fryslân dogge amtners út Dokkum, Burgum, Drachten en It Hearrenfean mei. Lanlik fiere sa'n 10.000 amtners aksje. De amtners binne op it plak dêr't in kongres fan de Feriening fan Nederlânske Gemeenten geande is. Neffens de fakbûnen moatte hieltyd minder amtners mear dwaan en binne de amtners fierstente loyaal rjochting wurkjouwers.

Yn Amsterdam, Grins en Utrecht stake de de gemeentlike skjinmaktsjinsten, dêr wurdt it hússmoargens net ophelle en de strjitten net fage.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)