Ek Frysk ynboargeringseksamen

05 feb 2005 - 11:40

It ynboargeringseksamen foar bûtenlanners moat der ek yn it Frysk komme. Frysk is op 't lêst de twadde Rykstaal en boppedat binne der hiel wat Friezen dy't in bûtenlânske frou of man trouwe. Dat seit CDA-Twadde-Keamerlid Rendert Algra. Dat minsken earst it Frysk leare en dêrnei pas it Hollânsk, is yn syn eagen net slim.

Foar it eksamen is in fideobân makke. Algra fynt dat dêr ek ynformaasje oer de Fryske kultuer yn foarkomme moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)