Ek froulju pakke de wrâldbeker

16 mrt 2014 - 17:38
  • Linda de Vries, Lotte van Beek en Marrit Leenstra mei de wrâldbeker

Nei de winst foar de manlju binne ek de Nederlânske froulju der yn slagge de wrâldbekertitel op de ploege-efterfolging op harren namme te skriuwen. Op it iis fan Thialf wûnen Marrit Leenstra, Lotte van Beek en Linda de Vries snein yn in rjochtstreeks duel fan de Poalske froulju.

Nederlân klokte in winnende tiid fan 2.59.65 en bleau dêrmei as iennige ûnder de trije minuten. Dêrmei wie ek de wrâldbekertitel in feit. Poalen waard twadde yn in tiid fan 3.01.44 en pakte it sulver yn it einklassemint. It brûns yn de einstân wie foar Japan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)