Ek Friezen wolle komasûpers eigen rekken betelje litte

29 jul 2015 - 12:52

Lykas de Nederlanners lykje ek de Friezen foarstanner te wêzen fan de stelling om komasûpers sels harren sikehûsrekken betelje te litten. Komasûpers, faaks jongeren, drinke in hiel soad alkohol yn koarte tiid, faak sterke drank, mei in koma as gefolch.

De rekken fan de sikehûsopname wurdt no faaks noch betelle troch de soarchfersekering. It blykt dreech te wêzen om hjir feroaring yn te bringen om't de oarsaak fan in koma net altyd dúdlik is, sa seit Lot Jansen, dokter op de spoedeaskjende help fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten.

Ut ûndersyk fan it CBS docht bliken dat de mearderheid fan de Nederlanners foarstanner is fan de stelling om komasûpers harren eigen sikehûsrekken betelje te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)