Ek Flylân tsjin Doeksen-plan

01 apr 2014 - 20:11
  • EVT en Doeksen

Nei Skylge giet ek Flylân net akkoart mei it troch rederij Doeksen betochte besunigingsplan. Doeksen wol ûnder oare de priis fan in inkele reis mei de sneltsjinst mei 75 sint ferheegje. Boargemaster Ella Schadd fan Flylân tinkt dat dizze maatregel grutte gefolgen ha sil foar it toerisme op it eilân.

Ek fynt se dat Flylân te hurd troffen wurdt troch de striid tusken de rederijen fan Skylge. Wy binne gjin partij, mar hawwe hjir bot lêst fan, seit se. De gemeenteried fan Flylân stipet de boargemaster yn har miening oer Doeksen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)