Ek flaters yn oare gemeenten

07 mrt 2014 - 16:37
  • Ek de stimburo's op de doarpen bliuwe

Der binne yn de gemeenten It Bilt, Dantumadiel en Tytsjerksteradiel flaters makke by de besoarging fan de stembiljetten. In meiwurker fan PostNL hat by de besoarging fan de post yn Hurdegaryp en Feanwâlden de stembilljetten ferwiksele. Dêrtroch binne mei-inoar 500 stimbiljetten op in ferkeard adres besoarge.

Ek yn de gemeente It Bilt binne flaters makke. Dêr binne biljetten besoarge dy't yn de gemeente De Bilt yn de provinsje Utrecht besoarge wurde moatte hiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)