Ek dit jier oranje bearenburch

17 apr 2006 - 08:47

De sliterijen yn Snits kinne op Keninginnedei opnij oranje bearenburch ferkeapje. Weduwe Joustra sil yn totaal 1000 liter bearenburch mei in keninklik kleurke op de merk bringe.

De oranje bearenburch waard foar it lêst ferkocht foar it houlik fan Willem-Alexander en Máxima yn 2002 en wie doe in grut sukses. Hoewol't it eins foar ien kear wêze soe, bringt Weduwe Joustra dus ek dit jier it oranje drankje op de merk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)