Ek Crone tsjin bernepardon

09 maaie 2014 - 20:12

As tsiende Fryske boargemaster hat ek boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert it brief oer it 'bernepardon' oan steatssiktaris Teeven ûndertekene. Mei it brief freget Crone - mei noch in lytse 200 oare boargemasters - oandacht foar de posysje fan bern dy't ôfwiisd binne foar it bernepardon.

Yn de ministerried joech steatssikretaris Fred Teeven freed oan dat it pardon nettsjinsteande de krityk, bliuwt sa't it no is. Wol sil Teeven sjen nei de skrinende gefallen, sa't earder al ôfsprutsen wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)