EK: Cramer 18e op 3000 m.

15 jan 2006 - 13:14

Wieteke Cramer is sneon by it EK reedriden yn Hamar as 18e einige op de 3 kilometer, yn in tiid fan 4.19,65. Renate Groenewold wûn dy ôfstân yn 4.05,79. Ireen Wüst waard fjirde en Moniek Kleinsman sechde. Claudia Pechstein stiet no boppe-oan yn it klassemint. Wieteke Cramer stiet op in 15e plak.

De 5000 meter foar manlju is útsteld oant snein, fanwege in stikkene friesmasine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)