Ek CDA yn Den Haach wol wynmûnen lâns de Ofslútdyk

12 jan 2015 - 07:59

It CDA yn de Twadde Keamer ropt minister Henk Kamp op om mei te wurkjen oan de pleatsing fan wynmûnen lâns de Ofslútdyk. Neffens keamerlid Agnes Mulder hat sawol de gemeente Súdwest-Fryslân as provinsjale steaten in dúdlike foarkar útsprutsen foar dizze lokaasje. Kamp moat de regio no serieus nimme en dêrom meiwurkje oan dizze lokaasje foar wynenerzjy.

Tiisdei praat de Twadde Keamer oer de stân fan saken út it nasjonale enerzjy-akkoart. Dan komt Mulder ek mei in moasje om de wynmûnen lâns de Ofslútdyk mooglik te meitsjen.

Fryslân moat yn totaal 530 megawatt oan wynenerzjy opwekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)