Ek brân by bedriuw Easterwâlde

05 nov 2007 - 06:57

By it bedriuw Plusfood B.V. oan de Houtwal yn Easterwâlde hat moandeitemoarn koart brân west. It fjoer bruts om seis oere út by twa fetten oalje yn de masjinekeamer.

De brânwachtkorpsen fan Easterwâlde en Appelskea hiene it fjoer yn in heal oere út. Der binne gjin gefaarlike stoffen frijkaam. Plusfood makket snacks fan hin- en kalkoenfleis foar snackbars en restaurants.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)