Ek boarterstastellen ûnfeilich

23 okt 2014 - 12:15

Yn de gemeente Achtkarspelen foldogge twa boarterstastellen by sportferienings net oan de feiligheidseasken. Ien hjirfan, by kuorbalferiening Harkema, is al fuorthelle. De oare, by in sportferiening yn Surhústerfean, moat noch oanpakt wurde. Dat docht bliken út in earste ûndersyk fan Achtkarspelen nei alle sportfoarsjennings yn de gemeente.

It ûndersyk is opstart nei oanlieding fan it dug-out drama earder dit jier. Ek alle dug-outs binne besjoen. In pear hawwe ûnderhâld nedich, mar binne neffens boargemaster Gerbrandy net libbensgefaarlik.

Nei ferwachting is ein dit jier it folsleine rapport oer alle sportfoarsjennings klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)