Ek aksje foar broer fan Sahar

19 jan 2011 - 13:54
  • Ek foar de broer fan Sahar is in aksje

Der is no ek in aksje om de broer fan Sahar yn Nederlân te hâlden. De ôfdieling Aldlân fan skoalmienskip Piter Jelles yn Ljouwert is dy aksje begûn.

Sahar driget útset te wurden nei Afganistan nei't se hjir al tsien jier wenne hat. It Piter Jelles-gymnasium yn Ljouwert begûn earder al in aksje om Sahar hjir te hâlden. Foar Sahar en har broer Nawid kin in petysje op ynternet tekene wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)