Ek 50 euro foar minima by GKB

27 nov 2008 - 14:21

Minsken mei in minimum ynkommen en grutte skulden dy't dêrfoar yn in sanearingstrajekt sitte by de GKB, hawwe ek rjocht op it ekstraatsje fan 50 euro fan it Ryk. Dat skriuwt it platfoarm 'de arme kant van Fryslân' oan alle Fryske gemeenten en de GKB.

Dy bank beheart it jild fan minsken mei skulden. 'De arme kant van Fryslân' fynt dat de kliïnten sels oer de 50 euro beskikke moatte kinne en dat it jild net nei de GKB moat om wer in stikje fan de skulden ôf te lossen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)