Ek 2e earste aai net jildich

16 mrt 2004 - 00:00

Ek it twadde earste ljipaai fan Fryslân foldocht net oan de easken. Tiisdei- temoarn waard in aaike fûn yn de omkriten fan Wolvegea. Bliken die lykwols dat de finer gjin aaisikers- kaart hat en gjin neisoarchpas. Neffens de regels mei dan net aaisocht wurde, dus kin kommissaris Nijpels ek dit aai net offisjeel yn ûntfangst nimme.

Hessel Bouma fan Turns fûn moandei ek in ljipaai. Dat wie lykwols foar 16.30 oere yn in guozzekrite en dat mei net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)