Eizema (PVV) mei foarkarstimmen yn Provinsjale Steaten

23 mrt 2015 - 12:51
  • Wiebe Olijnsma fan it haadstimburo Fryslân

By de ferkiezings foar Provinsjale Steaten fan ferline wike hat ien kandidaat mei foarkarstimmen in sit ferovere. It giet om Jitske Eizema út Ljouwert. Sy stie op it ûnferkiesbere sânde plak fan de PVV-list, mar komt no dochs yn de steaten tanksij 1963 foarkarstimmen. Dat is mear as genôch om yn PS te kommen, want de drompel foar in foarkarssit leit op 1542.

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert makke dat moandeitemoarn bekend op de sitting fan it haadstimburo fan Fryslân. Dêr is de útslach definityf makke sûnder fierdere feroarings.

De ferkiezing fan Eizema betsjut ek in ekstra frou yn Provinsjale Steaten, want se ferkringt har partijgenoat Pier Visser, dy't op it fjirde plak stie. Fryslân skynt it dochs wol aardich te dwaan mei it persintaazje froulike steateleden. Yn guon provinsjes, lykas Limboarch en Seelân is dat hiel leech - sa tusken de 20 en 25% - mar Fryslân skoart mei 18 froulike steateleden boppe de 40%.

Op de sittting fan it haadstimburo waard fierder fêststeld dat de ferkiezings fan ferline wike probleemleas ferrûn binne. Der wienen gjin klachten fan kiezers, en der wienen ek gjin partijen dy't om hertelling fregen.

Op de byienkomst waard fierder Wiebe Olijnsma yn it sintsje set, omdat hy al 25 jier lid is fan it haadstimburo fan Fryslân. Olijnsma is bliid dat de opkomst yn Fryslân mei 53,1% minder leech is as yn de oare provinsjes, mar hy fynt eins dy 53% noch fierstente leech. Generaasjes foar ús hawwe striden foar it algemien kiesrjocht, sa seit er, dan moatte je der ek gebrûk fan meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)