Eisma: Russyske fuotbalboeken

01 apr 2009 - 10:26
  • Hiddink helpt Ljouwerter útjouwerij oan deal mei Ruslân

Eisma_Media út Ljouwert sil fuotbalboeken en dvd´s útbringe yn Ruslân. It bedriuw jout fakblêd de Voetbaltrainer út en by dit blêd hearre boeken as Foppe, portret fan in bysunder gewoan minske, mar ek dvd´s mei de fuotbalfyzje fan topcoaches.

Alle boeken en dvd´s sille oerset wurde yn it Russysk. Eisma komt oan de oarder troch de Russyske bûnscoach Guus_Hiddink, dy´t meiwurke oan in artikel yn de Voetbaltrainer. De kontrakten wurde meikoarten tekene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)