Einlings nij gemeentehûs Skier

30 mrt 2005 - 13:03

Skiermûntseach krijt einlings in nij gemeentehûs. De ried is tiisdeitejûn unanym akkoard gien mei de bouplannen en de kosten dêrfoar. Dy wurde rûsd op in lytse twa miljoen euro.

Hjirmei is in ein kaam oan in jierrenlange diskusje oer it nije gemeentehûs, dêr't earst de plysje ek by ynkomme soe. De plysje seach dêr lykwols fânôf. It is de bedoeling om noch foar de winter mei de nijbou útein te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)