Eineksamens goed makke

13 jun 2002 - 00:00

De eksamens binne oer it generaal goed makke yn Fryslân. De learlingen krije tongersdeitemiddei de útslach.

Ut neifraach by skoallen liket it derop dat 85 prosint it eineksamen helle hat. Dat persintaazje is heger as ferline jier. Ek dosinten sjogge posityf werom op de eksamenperioade. Ynhâldlik wienen der gjin swierrichheden, sa meldt de sintrale eksamenkommisje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)