Einejacht foar Raad van State

01 feb 2010 - 15:58

De Raad van State hat him moandei bûcht oer de fraach oft der wol of net op einen jage wurde mei. De provinsje hie oan de stichting Faunabeheer Eenheid Fryslân in fergunning ferliend om yn hiel Fryslân op wylde einen te jeien. De einen soene tefolle skea feroarsaakje oan de natuer.

De Faunabeskerming wie it dêr lykwols net mei iens en is yn july 2009 nei de rjochter stapt. Dy joech de beskerming gelyk. De provinsje hie de fergunning better motivearje moatten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)