Eindhoven - Cambuur: 1-1

02 nov 2003 - 00:00

Cambuur hat sneon yn en tsjin Eindhoven twa punten ferspile. It waard 1-1. Michel van Zundert sette Cambuur nei 10 minuten op foarsprong. Dêrnei fersûmen de Ljouwerters de wedstriid te beslissen.

Nei rêst sakke Cambuur fier fuort. Yn de 6e minút skoarde Eindhoven de fertsjinne lykmakker fia Rik van de Langenberg. Cambuur stiet no yn de Gouden Gids-divyzje op in alfde plak yn de twadde perioade.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)