Ein Vaatstra-ûndersyk op 1 july

17 jun 2003 - 00:00

It ûndersyk nei de moard op de 16-jierrige Marianne Vaatstra fan De Westerein hâldt op 1 july definityf op. Marianne Vaatstra waard op 1 maaie 1999 ferkrêfte en fermoarde yn de buert fan Feankleaster. De plysje hat yn goed fjouwer jier tiid de dieder net fûn.

Yn maaie 2002 gie in 2e resjerzjeteam mei de saak oan 'e slach. Dat team hat mear as 200 tips ûndersocht. Yn totaal ha 815 manlju dna ôfstien. Yn 75 gefallen moat de útslach noch komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)