Ein stekt oer, auto yn sleat

26 aug 2012 - 13:31
  • Auto yn 'e sleat by Burdaard

By in ûngelok yn Burdaard is sneontejûn in auto mei trije minsken dêryn yn de sleat rekke. Op de Kolkhústerwei moast de bestjoerster fan de auto útwike foar in oerstekkende ein. Se koe de wein net mear yn 'e macht hâlde en bedarre yn de sleat.

De trije ynsittenden binne derút helle nei't earst mei in lifehammer in autorút ynslein wie. De bestjoerster moast nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)