Ein Sionsberg hat grutte gefolgen foar húsdokters

25 nov 2014 - 16:38
  • De Sionsberg

It fallisemint fan sikehûs Sionsberg yn Dokkum hat grutte gefolgen foar ûnder oare Húsdokterssintrum Dokkum, dat yn in gebou neist it sikehûs sit. De húsdokters dogge folle mear yngrepen by pasjinten as oare húsdokterspraktiken, omdat se de spesjalisten neist de doar ha. Dy kinne byspringe as it nedich is. Dat smyt in soad jild op foar de soarchfersekerder, omdat spesjalisten folle djoerder binne.

Fierder wurdt der op folle mear ûnderdielen, lykas de âldereinsoarch, gearwurke. Alles komt no faai te stean.

Húsdokters moatte de pasjinten tenei trochstjoere nei Ljouwert of Drachten en benammen dit hâldt de minsken yn en om Dokkum al de hiele dei yn de besnijing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)