Ein oan yllegale autohannel

08 sep 2006 - 14:17

Der komt ein dit jier in definityf ein oan it gedogen fan yllegale autohannels yn it bûtengebiet fan de gemeente Achtkarspelen. In mearderheid fan de ried stie tongersdeitejûn efter in beslút fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders om nei 1 jannewaris op te treden.

Mei inoar hat de gemeente yn 2002 51 bedriuwen oanskreaun om op te hâlden mei harren aktiviteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)