Ein oan stipe fan yllegalen

10 des 2002 - 00:00

De stichting Respons stipet net langer mear minsken dy't yllegaal yn Nederlân binne. Hast sân jier lang soarge de stichting foar iten en ûnderdak foar útprosedearre asylsikers. Earder krige Respons jild fan de gemeenten, mar mei de strangere wetjouwing is dat oer.

Der binne ek te min frijwilligers. Respons no wol advizen jaan en in fûns yn it libben roppe dêr't saken fan útprosedearre asylsikers út betelle wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)