Ein oan rûnliedings Marwei

08 sep 2006 - 09:25

Finzenis de Marwei yn Ljouwert organisearret fan oktober ôf gjin rûnliedings mear. Alle ferienings dy't har dêr foar opjûn hiene, hawwe in brief krigen. Dêr stiet yn dat it Ryk de ekskursjes ferbiedt.

De Dienst Justitiële Inrichtingen seit lykwols dat in finzenis sels bepale mei oft dy wol of net rûnliedings jouwe. Fierder wolle de finzenis en de Dienst net reageare. De jierlikse iepen dagen bliuwe wol bestean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)