Ein oan mienskiplik wurkplein

26 mrt 2012 - 14:32

Oan it mienskiplik wurkplein fan it UWV Wurkbedriuw en de gemeenten Skarsterlân en Hearrenfean komt in ein. Mei yngong fan 1 juny wurde wurksykjenden benammen fia ynternet holpen by it finen fan in baan. Troch de Ryksbesunigings wurdt it tal regiofestigingen fan UWV Wurkbedriuw werombrocht fan hûndert nei tritich. Boppedat falt it yn de regio Hearrenfean ôf hoefolle minsken mei in útkearing úteinlik wurk fine.

Wurksykjenden wurde tenei online holpen troch in wurkcoach. Ek komme der speeddates mei útstjoerburo's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)