Ein oan Kristlik Frysk Selskip

30 des 2012 - 10:11

It Kristlik Frysk Selskip organisearret snein syn lêste aktiviteiten. De organisaasje, dy't him ynset foar it yn de tsjerken brûken fan it Frysk en de Fryske streektalen, hâldt nei mear as 100 jier op te bestean. Belangrykste oarsaak is de ferâldere organisaasjestruktuer fan it selskip.

In diel fan it wurk sil no oernaam wurde troch in nije stifting, dy't de namme Krúspunt krigen hat. It Kristlik Frysk Selskip hat der ûnder oare foar soarge dat de bibel yn it Frysk beskikber kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)