'Ein oan juridysk stalken'

08 mrt 2009 - 12:26
  • It BFVW wurdt 'juridysk stalkt', sa sizze se

Op de ledegearkomste fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten, BFVW, hat foarsitter Geart Benedictus freed sein dat der in ein komme moat oan it 'juridysk stalken' fan it bûn. De Faunabeskerming set al jierren alles op alles om it aaisykjen te ferbieden.

It BFVW wol besykje om de Faunabeskerming net-ûntfanklik te ferklearjen. It bûn wol ek mei de provinsje nei Brussel ta te praten. En it bûn wol jongerein wat mear belûke by it aaisykjen, sa waard freed dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)