Ein oan húsdoktersrûzje Skier

16 apr 2014 - 16:03
  • Húsdokter

Oan de húsdoktersrûzje op Skiermûntseach is lang om let in ein kaam. Der leit in akkoart, wêryn't ôfpraat is dat húsdokter Dick Zaal mei yngong fan 1 juny mei pensjoen giet. Eilânbewenners kinne tenei terjochte by húsdokter Pauline Kouwenhoven. Wa't dat net wol, kin nei in húsdokter oan de fêste wal.

De rûzje ûntstie neidat Kouwenhoven yn novimber mei in eigen praktyk begûn en klanten fan Zaal meinaam. De saak rûn sa heech op, dat de rjochter der oan te pas kaam. Dy bepaalde dat de partijen der mei help fan in mediator útkomme moasten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)