Ein oan aktive karriêre Bruin

25 jan 2008 - 12:13
  • Jan Bruin krijt in kommersjele funksje bij Cambuur

Ald Cambuur-fuotballer Jan Bruin hâldt oan de ein fan dit seizoen op as fuotballer by Stormvogels Telstar. De 38-jierrige oanfaller komt werom by Cambuur. Dêr krijt er in kommersjele funksje. Bruin traint by Cambuur ek de B-junioaren.

Jan Bruin hâldt op omdat er it net mear opbringe kin om alle kearen wer nei IJmuiden te reizigjen, dêr't Stormvogels-Telstar sit. Hy fynt ek dat er stadigoan te âld is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)