Ein maaie beslút oer Thialf

21 maaie 2013 - 15:47
  • Thialf, It Hearrenfean

KNSB en NOC*NSF meitsje op 27 maaie in earste kar út de trije inisjativen dy't yn de race binne as akkommodaasje foar de topsportreedriders, werûnder Thialf op It Hearrenfean. Yn earste ynstânsje soe dat 21 maaie wêze.

Pinkstermoandei lekte út dat Almere de bêste papieren hat, boppe Zoetermeer en Thialf. Dat nijs soarget no foar de fertraging yn de planning. Dizze ekstra tiid is neffens de KNSB en NOC*NSF needsaaklik om it hiele proses goed ôfhannelje te kinnen. Op moandei 3 juny falt dan it definitive beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)