Ein juny lêste peal Bertilla

17 maaie 2011 - 14:25
  • Sa komt it nije ferpleechhûs Bertilla der út te sjen

Ein juny wurdt de lêste peal slein fan it nije ferpleechhûs Bertilla yn Drachten. Begjin maaie is de earste peal fan it nije ekspertisesintrum slein. Yn it sintrum komme 56 apparteminten foar koart ferbliuw.

64 apparteminten binne bestimd foar in langer ferbliuw. It giet om ienpersoanskeamers mei eigen sanitêr. De hjoeddeistige leechbou fan Bertilla bliuwt bestean. Oer trije jier moat de fer- en nijbou klear wêze. De kosten komme op goed 20 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)