Ein guozzejacht troch akkoart

07 des 2012 - 12:55
  • Guozzen

Fryske jagers binne bot teloarsteld oer it guozze-akkoart dat sletten is tusken provinsjes, boeren en natoerorganisaasjes. Feitlik betsjut it dat der in ein komt oan de guozzejacht sa as Fryslân dy no hat yn 'e winter.

Allinnich kwetsbere gewaaksen meie troch ôfskot beskerme wurde, mar dêr heart mearjierrich gerslân net by en krekt dêr leit Fryslân fol mei. De Fryske ôfdieling fan de Koninklijke Nederlandse Jagersvereniging KNJV hat grutte problemen mei de oanpak fan de guozzen dy't hjir it hiele jier ferbliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)