Ein fytsprojekt stasjon Ljouwert

27 maaie 2002 - 00:00

De plysje hâldt op mei it fytseprojekt by it treinstasjon yn Ljouwert. Neffens distriktssjef Van der Hoeven binne der yntusken genôch fytsestallings en is der gjin sprake mear fan oerlêst troch omslingerjende fytsen.

De plysje hat de ôfrûne jierren ferskate kearen grutte opromaksjes by it stasjon hâlden. Fytsen dy't net yn de stalling stienen, waarden meinommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)