Ein foar Sinteklazemearke

03 nov 2010 - 10:18

It Ljouwerter Sinteklazemearke hâldt definityf op. De jierlikse foarstelling foar basisskoalbern hat njoggentich jier bestien, mar kin de begrutting net langer rûn krije. Ferline jier waard it ek al net opfierd. Der kamen minder bern en der wie te min jild.

In jier is besocht om de sinteraasje rûn te krijen, mar dat is net slagge. It bestjoer fan de stifting Leeuwarder Sinterklaassprookje lûkt dêrom de stekker derút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)